Boalsert glorieus winner fyfde Jong Famme Partij
Op de list fan 16 partoeren koene mar leafst 8 ta kânshawwer rekkene wurde foar de prizen. Fjouwer dêrfan soene dus foar de heale finale ôffalle moatte. Yn it earste blokje fan fjouwer wiene de kânshawwers Dronryp en Pingjum. Pingjum hie lykwols har dei net. Yn de earste omloop tsjin Easterein hiene se der al ôf kinnen en mooglik moatten. Easterein naam bretaalwei trije kear in spul foarsprong troch twa kear op seis gelyk in sitbal te pleatsen (op 1-0 en 2 om 1 ) Op trije om ien en 6 gelyk hie Easterein sels de kâns op fjouwer om ien mar yn in triktrak pleatste Marije Hiemstra de bal net goed en koe Maaike Wind de keats dochs noch foarby slaan. Dochs naam Easterein wer in spul foarsprong op 4 om 2 troch opslachflaters fan Pingjum. Troch in rite knap perk- en tuskenspul fan Maaike Osinga en Maaike Wind en trochdat Easterein har hege nivo net behoden stoomde Pingjum troch nei 5 om 4. Op 6 gelyk makke Maaike Wind it troch in knappe opslach út. In kompliment oan it jonge twatal fan Easterein ( Marije Hiemstra en Anke Marije Pompstra) dat krekt net foar de earste ferrassing soargje koe. It sterker achte Dronryp dat yn ‘e earste omloop neat te stellen hie mei Skearnegoutum ( 5 om 1) strafte it net goed draaiende Pingjumer partoer yn de twadde omloopwol resolút ôf mei 5 om 2. Dronryp wie dêrmei heale finalist en dat bestjutte foar Imke van der Leest yn alle gefallen foar de fyfde kear yn de prizen falle soe. Mei ferskillende maten wûn se al in earste, in twadde en twa tredde prizen. In moaie samling klaverkespjeldsjes. It twadde blokje fan fjouwer hie mar ien dudlike favoryt en dy makke dat ek wier. Boalsert hie gjin moederaasje mei Hallum ( skjinne 5) en Minnertsgea ( 5 om 2). Fenna Zeinstra, Feikje Bouwhuis wiene mei balkearder Jacobien Postma op en út oppermachtich. It fjoerwurk moast komme út it tredde blokje fan 4 mei allinne mar kânshawwers. En dat fjoerwurkkaam der. Ie, winner fan de lêste twa edysjes, hat dit jier de âlde foarm noch net sjen litten en de fraach wie of Alde Biltsyl dêrfan profiteare koe mei de sterke Margriet Koelmans (fan’t jier gauris yn de prizen en fannewike haadklasser wurden). It waard in spannende partij. Oant 4 earsten gelyk waarden de buordsjes om en om ferdield. Mar it wie al dudlik dat Ie it lek noch net boppe hie. It gie oer alle boegen muoisum. Margriet Koelmans cs fielden dat goed oan en profitearden optimaal fan de haperjende opslach by Ie (5 om 4). Op 6-2 fiif om fjouwer jage Koelmans de bal djip achter yn it perk om dêrnei de bal sels te kearen foar de keats. St. Anne, seker ien fan de grutte favoriten nei de knappe twadde priis op de frouljusbond, krige yn de earste omloop it thúspartoer tsjinoer har. Mantgum, foarich jier mei Afke Kuipers, Riemke van der Zee en Baukje Aalbers gauris yn de prizen, hie fan ’t jier noch net yn de prizen keatst en wie sneon dan ek earder outsider as echte kânshawwer. Dizze partoeren hiene foarich jier noch in boeiend gefjocht levere op de frouljusbond. Mantgum wûn doe mei alles oan de hang. En dat soe no wer barre al like it dêr ynearsten hielendal net op. De lytse Lisette Wagenaar en Gerieke de Groot mei balkearder Annemiek Korf pakten trije kear achterinoar op 6 gelyk it earst. En doe’t de Mantgumer opslach even hapere en St. Anne op 6-2 ek it fjirde earst pakte troch in knappe retourslach perk fan Lisette like it dien mei Mantum. It tij kearde lykwols. No begûn St. Anne wat foutsjes te meitsjen ( benammen oan de stuit). By Mantgum waarden der oan de opslach wat taktyske yngrepen pleatst troch de foar bêst en foar minst geregeld ôf te wikseljen tidens it earst ( wat in moaie nije spulregel) . St. Anne wiksele ek gauris mar dat pakte by harren minder goed út. Fjouwer kear op rige pakte Mantgum it earst en hieltyd op 6 gelyk. Troch sterk perkwurk waard it fia 6-2 en in boppeslach fan Gerieke dochs wer 5 om 4 foar St. Anne. Opslachmissers fan St. Anne en sitballen fan Mantgum soargen foar fiif earsten gelyk. Yn dat lêste earst kaam Mantgum mei 6 om 2 foar. Mei de stipe fan in dikke keats like Mantgum de partij binnen te hawwen mar Gerieke witst mei in prachtige diagonale bal de keats by de middelline krekt te passearen. Op in keats fan noch gjin meter slacht Baukje Aalbers de bal te fanatyk út en kwea. Alles oan de hang dus en op dy stân hat de jonge Lisette de taak de partij te rêden. It slagget net, se mist it perk en de mirakuleuze ûntsnapping foar Mantgum is in feit. Mantgum toande dus karakter en klasse en se namen dat mei nei de twadde omloop tsjin Alde Biltsyl. Se keatsten neigenôch sûnder flaters en toanden harren it slutend partoer fan foarich jier. De suskes Margriet en Janneke Koelmans en Annefrouk Dijkstra krigen op en út gjin poat oan de grûn en waarden mei skjinne fiif oan de kant setten. Ut it fjirde fjirde en lêste blokje soene Menaam en Holwert stride om it lêste heale finale plakje wie de ferwachting. Holwert is altyd sterk op de Jong Famme partij en wie yn 2005 noch lytse preemjewinner mei itselde trijetal Nynke van der Mey, Berber Rinskje Ferwerda en Yfke Kuiphof. Tsjin Menaam kamen se der no lykwols net oan te pas. Yn in omsjoch stiene se skjinne fiif achter tsjin Miranda Scheffer, Willy van der Ende en Bettie Punter. Menaam liet de teugels wat fiere en gunde Holwert noch in spul. De twadde omloop tsjin it twatal fan Seisbierrum soe wol in ‘walkover’ wurde. Seisbierrum hie dan wol ferrassend eks-haadklasser Hester van der Meer, har suske Marije van der Meer en Wike v.d. Goot ferslein mei 5 om 2. Mar dat like mear te witen oan it sloppe, futleaze keatsen fan Goïngea as oan it hiel deeglike keatsen fan it twatal Jannie Visser en Grada van der Schoot. Dat Seisbierrum echt wat koe die bliken tsjin Menaam. Seisbierrum soarge hast foar de grutste ferrassing troch mei skjinne 3 en 4 om 1 de lieding te nimmen en dat seker op eigen kracht fan foaral de mei dispensaasje spyljende Grada. Doe’t Menaam dêrnei trije earsten op rij wûn en op 4 om 4 en 6-2 foar kaam like it dien mei de krachten fan it twatal. Mar oerrinnen fan Willy van der Ende, in prachtige boppeslach fan Grada en moai kearen foar de keats brocht Seisbierrum wer oan de lieding. Willy van der Ende brocht mei in boppeslach op 6-4 de stân wer yn ‘t lykwicht.Yn dat lêste earst pakt Menaam wer in 6-2 foarsprong. Twa sterke opslachbeurten fan Grada brocht alles oan de hang. Spitich dat Grada dêrnei te foarsichtich opsloech en Willy van der Ende de kâns joech de bal boppe te slaan en dêrmei Menaam yn de heale finale sloech. De heale finales en de finales waarden eins noait mear spannend. Dronryp en Boalsert like in moaie partij te wurden. Dronryp pakte nei 6-2 achter noch wol spektakulêr it earste buordsje mar dêrnei ha se noait wer foar stien. Boalsert wie op en út te sterk en je hiene nea it gefoel dat Dronryp de oansluting pakke soe. Dêr wie it perk fan Fenna Zeinstra en Feikje Bouwhuis te sterk foar. Dronryp bliuw stykjen op trije earsten. Noch iensidiger wie de oare heale finale tusken Mantgum en Menaam. It Mantgumer trio hode har hege nivo en gunden Menaam net ien buordsje en mar acht baltsjes oan de tillegraaf. It grutte ferskil waard oan de stuit makke. Menaam koe dêr amper druk sette op it Mantgumer perk mei Baukje Aalbers en Riemke van der Zee. Afke Kuipers koe dy druk al sette op it perk fan Menaam en miste ek mar ien kear it perk. Yn de finale koe Boalsert dy druk al op it Mantgumer perk sette. Dit hie fan gefolgen dat de keatsen ornaris te lyts wiene en oarsom dus de druk op it Mantgumer opslach duo heech opfierde. Dat gie by it earste buordsje noch goed. Op 6 gelyk joech Afke Kuipers in fantastyske sitbal tsjin de kwea oan. Dat slagge yn de twa earsten dêrnei net en giene de buordsjes nei Boalsert trochdat beide kearen it perk mist waard. Op 2 om 1 en 6 gelyk soe Mantgum wer it beproefde resept hanteare trochdat Baukje op dy stân de foar bêst op har nimme soe. De skiedsrjochter hie dat de hiele dei, terjochte neffens it nije reglemint, tastien mar krekt op dat momint stiek se dêr in stokje foar. We sille noait witte hoe’t dizze flater de partij mooglik beÿnfloede hat mar Fenna sloech wol de lyste keats foarby en dêrmei wie it 3 om 1. Fenna pakte ek de 4 om 1 mei in sitbal. Eefkes hapere de opslach by Boalsert en dat makke dat Mantum noch ien buordsje pakte. Op fjouwer om 2 en 4-6 hie Mantgum noch ien kear de kâns op de oansluting. Twa mindere opslagen besoargen Boalsert de 5 om 2. Mantgum bliuw fjochtsjen en de o sa striidbere Baukje Aalbers perste der noch in 6 gelyk út troch in herkulesslach fanôf de boppe te retournearen yn it perk. De lêste grouwe keats fan Boalsert wie lykwols te machtich foar Mantgum en dêrmei waard it mei 5 om 2 dochs noch in oertsjoegjende winst foar Boalsert. In terjochte winst ek. In moaie dei en in kompliment oan de jeugdige keatsters en oan it bestjoer fan KF Jacob Klaver. Se hiene by it earste lustrum fan dizze partij de saken organisatorysk en kwa oanklaaiïng wer prima foarelkoar. Dêrmei jouwe se it jonge frouljustalint it poadium dat se fertsjinje. En talint is der! De bestjoeren fan de frouljus PC, Ald Meyers en KNKB hawwe wat meikrigen om oer nei te tinken. Want komt der soksawat as in klaverke fjouwer foar froulju? In klaverke is faaks net sa’n goed idee want dat is al fersein as priis foar de Jong Famme Partij. Fenna soe in moaie earste winner wêze fan soksawat as in gouden kwartet Utslach fyfde Jong Famme Partij 1. Boalsert (Jacobien Postma, Feikje Bouwhuis, Fenna Zeinstra) 2. Mantgum ( Afke Kuipers, Riemke van der Zee, Baukje Aalbers) 3. Dronryp ( Joukje Kuperus, Karina Frijling, Imke van der Leest) Menaam (Willy van der Ende, Bettie Sjoukje Punter, Miranda Scheffer) Popke van der Zee Foto’s Jong Famme Partij
Geplaatst op 06 July 2008